
Londen, 1733 De ferbyntenis tusken de Ingelske prinsesse Anna fan Hannover en de Fryske steedhâlder Willem IV hinget oan in siden tried. Willem is in pear dagen foar it houlik ynstoart en leit no, bewusteleas en mei in swiere lûngûntstekking, op bêd yn Somerset House. Der wurdt foar syn libben freesd. Tsjin it befel fan har heit yn siket Anna him nachts op. De dokter riedt har oan om tsjin har ferloofde te praten. Miskien dat har stim him helpe kin om wekker te wurden. En Anna fertelt. Alle nachten nimt se Willem yn betrouwen oer de houliksproblemen yn har famylje, har ambysjes, har eangsten, mar ek oer de freugde dy't se belibbet oan de muzyk fan Handel. Har bycht kin gjin kwea, fynt se. Hy heart har dochs net...